Iepenloftspul Warten: ‘Ferbining’

Iepenloftspul giet net troch ien septimber 2020
Troch ‘t Coronavirus giet ‘t iepenloftspul ‘Ferbining’ yn septimber 2020 net troch. Mear ynformaasje folget.

 

Yn in wettersportdoarp op it plattelân binne de ynwenners op ferskate manieren mei elkoar ferbûn; troch famyljebannen of sosjale kontakten mar ek troch de brêge oer it wetter, dat it doarp oars yn twa helten ferdielt. It soarget benammen yn ‘e simmer foar in protte drokte en konsternaasje wêr’t de sosjale brêgewachter beppe Brêge har mei rêdt en dêr’t se gauris help by krijt fan it aardige famke Lena. Sy fynt it by beppe Brêge geselliger as by har eigen famylje.

By de brêge stiet in rige fan trije sosjale hierwenningen; ‘It fredige frouljushiem’. Lena har echte beppe Aagje wennet dêr al in skoftsje mar sûnt de komst fan buorfrou Fatima mei har kreaze soan Zayd en buorfrou Anna dy’t hannelet yn stuiterballen, wurdt de rêst op ‘e buert wreed fersteurd! Trije hiele ferskillende froulju, letterlik ferbûn oan elkoar op in pear fjouwerkante meter, sette mei har eigen wierheid en húshâlding de boel aardich op ‘e kop. Yn alle konsternaasje mei bysûndere doarpsbewenners, toeristen, Marokkanen, wâldpiken en stuiterballen bloeit de leafde tusken Lena en Zayd op. Tagelyk wurdt de brêge automatisearre, moat Beppe brêge ferdwine en docht de brêge it hieltyd mâlder.

Wannear?

De spyldata fan it earste iepenloftspul fan Warten binne:

  • 10 septimber 2020 (try-out)
  • 11 septimber 2020 (sponsors)
  • 12 septimber 2020 (premjêre)
  • 14 septimber 2020
  • 15 septimber 2020
  • 17 septimber 2020

Alle foarstellingen begjinne om 20.00 oere. Lokaasje: Hellingpaed 11A, 9003LW Warten. Foar mear ynformaasje en/of fragen kin der mailt wurde nei iepenloftspul@warten.nl.

Foarferkeap

Foarferkeap is op woansdei 13 maaie 2020 fanôf 19.30 oere oant 21.00 oere yn de Kok & de Walvis. Fan 14 maaie ôf kinne de kaarten fia de webside besteld wurde.

Lokaasje fan Iepenloftspul

Eftergrûn

Toanielferiening Warten is in feriening mei ca. 400 leden. Jierliks wurdt hjirfoar in foarstelling dien. Njonken dat, leverje wy ek al jierren in bydrage oan it twajierlikse evenemint Wartenster Wetter Wille. Dat dogge wy yn ‘e foarm fan strjitteteater, ienakters of sketches.

Toaniel libbet yn Warten, sawol by de jongerein as de âlderein. In pear jier werom krigen wy it idee om in iepenloftspul te organisearen. Wy ha hjir gjin ûnderfining mei, mar troch in brede gearwurking tusken Museum Warten, Toanielferiening en mear as 80 frijwilligers ha wy yn septimber 2020 us earste iepenloftspul.

Hilda Talsma, ferneamd skriuwster fan Fryske boeken en ynwenner fan Warten, hat it skript skreauwn. Romke Toering, ek ferneamd yn ‘e iepenloftspul-wrâld sil de rezjy dwaan.

It stik wurdt spile troch tolve amateurspilers út eigen doarp. Dêr by sille se help krije fan in oantal figuranten. It gehiel wurdt muzikaal begelaad troch it pleatselike stimmingsorkest ‘Butterfly’. Dit alles is te sjen op in unike lokaasje yn Warten. Museum ‘It Earmhûs’ is it dekôr fan it earste iepenloftspul fan Warten.

Folgje ús

Facebook
Instagram

Laatste nieuws